Fryslân set yn op toeristen

29 des 2008 - 20:41

Mei in spesjale resesje-kampanje hopet Fryslân Marketing yn 2009 mear toeristen nei de provinsje te heljen. Yn de kampanje wurdt Fryslân presentearre as it betelbere alternatyf foar in djoere bûtenlânske fakânsje.

Ut sifers docht bliken dat minsken yn 2009 besunigje op harren fakânsjes. Sa wurde der folle minder fakânsjes mei it fleantúch boekt. Neffens Fryslân Marketing wolle minsken noch altyd op fakânsje, mar moat it wat goedkeaper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)