Nije kampanje agraryske sektor

© Omrop Fryslân
De kampanje "Vrienden van het Platteland" hâldt op. De lân- en túnbouorganisaasjes, wêrûnder LTO Noard, sille yn febrewaris in nije publykskampanje presentearje. Doel dêrfan is om it grutte ekonomyske belang fan in sterke agraryske sektor mear foar it ljocht te bringen.
Dat sil ûnder oare dien wurde troch mear gearwurking te sykjen mei bedriuwen dy't fan boeren ôfhinklik binne, bygelyks de suvelsektor.