Mear drokte by Fûgelhelling

29 des 2008 - 20:25

De Fûgelhelling yn Oerterp hat dit jier wer mear ûlen en rôffûgels fersoarge, dy't slachtoffer west ha fan in ferkearsûngemak. Sa'n 110 fûgels binne behannele mei brutsen wjukken en ferlammingsferskynsels as gefolch fan in botsing mei in auto of frachtwein.

Ferline jier lei it tal noch ûnder de hûndert. De taname komt neffens Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling troch de hieltyd tanimmende drokte yn it ferkear yn Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)