Seehûn yn overall

Twa bewenners fan Skiermûntseach hawwe moandeitemiddei in deade seehûn fûn, dy't fêst siet yn in overall. De fynst waard dien op de Balg op de eastlike punt fan it eilân. Nei alle gedachten is it bistje op see yn 'e overall swommen en troch ferdrinking om it libben kaam.
Floris en Alieke Talsma dy't de seehûn fûn hiene, hawwe kontakt socht mei Lenie 't Hart fan it seehûnesintrum yn Pieterburen. Der is besluten om it bist op it strân lizze te litten.