Cees Vink wint Aldtsjerk
Cees Vink fan Langerak hat moandeitemiddei de earste koartebaanriderij fan dizze winter wûn. Yn Aldtsjerk wie er syn provinsjegenoat Hein Otterspeer yn de finale twa kear krekt de baas.
Pieter Sybesma fan Jellum waard tredde, Marco Lubbers fan It Hearrenfean fjirde. Der stiene yn Aldtsjerk 30 riders op 'e list. De winner gong mei 125 euro nei hûs.