Oerlêst troch kapotte tankauto

29 des 2008 - 10:58

Ferkear op de Hindrik_Algrawei by Ljouwert hat moandeitemoarn lêst hân fan in stikkene tankauto. De auto kaam om goed healwei njoggenen mei in grutte klap stil te stean mei in stikkene blêdfear.

De auto stie op ´e rydbaan en moast dêr ek reparearre wurde. It ferkear fan Deinum ôf koe der in skoft lang net del.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)