Mei crossmotor oer de kop

29 des 2008 - 10:28

In 39-jierrige man út Folsgeare is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn in stik lân yn Skarsterbrêge. De man wie tegearre mei in freon oan it motorcrossen. Troch noch ûnbekende oarsaak sloech er oer de kop.

De man rekke slim ferwûne oan 'e rêch en waard mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)