Nijjiersdûk giet net troch

© Omrop Fryslân
De nijjiersdûk op De Lemmer giet net troch. De organisaasje is der net yn slagge om genôch dielnimmers te finen. Mar tolve minsken hiene harren opjûn, wylst de organisaasje fan fyftich útgie. Dat tal is nedich om de kosten fan it evenemint betelje te kinnen. Sa moast der soarge wurde foar tinten foar it omklaaien en moasten de helptsjinsten derby wêze.
It soe foar it earst wêze dat der in nijjiersdûk op De Lemmer hâlden waard.