Sjinkie Knegt nei EK

28 des 2008 - 21:18

Sjinkie Knegt fan Bantegea hat him snein pleatst foar de Europeeske kampioenskippen shorttrack mids jannewaris yn Turijn. De 19-jierrige junioar wie de bêste by de seleksjewedstiden yn iisstadion Thialf. Knegt wûn de allesbeslissende 1500 meter.

Daan Breeuwsma fan Aldeboarn waard fjirde op de 1500 meter en twadde yn it einklassemint. Ek hy liket dêrmei wis fan in plak yn de ploech foar Turijn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)