Vonk yn byld by Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Ajax-keeper Hans Vonk is yn byld by Sportklub Hearrenfean. De Feansters binne op syk nei in keeper no't earste doelman Kenny Steppe blesseard is en tredde doelman Agil Etemadi der ek foar in langere tiid útleit.
Vonk wie earder al keeper fan Hearrenfean fan 1996 oant 2004. Vonk spile dêrnei foar Ajax en Ajax Cape Town yn Súd-Afrika. Boppedat makke hy twa WK's mei foar Súd-Afrika. Op dit stuit is hy wer keeper by Ajax. Hans Vonk wurdt 30 jannewaris 39 jier.