Hearrenfean wint fan Grins

28 des 2008 - 18:31

SC Hearrenfean hat it jier 2008 ôfsletten mei in 3-2 oerwinning op FC Grins. De Feansters kamen yn stadion Euroborg yn de 13e minút op foarsprong troch in penalty fan Pranjic. Dy pennel wie neffens Grins net terjochte. Yn de 54e minút kaam Grins op likense hichte troch Garcia Garcia.

Smárason sette Hearrenfean wer op foarsprong. Mar yn de 91ste minút skoarde Granqvist de 2-2. Djip yn blessueretiid makke Paulo Henrique de winnende treffer foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)