Undersyk nei ûngelokken

28 des 2008 - 17:26

Rykswettersteat sil ûndersykje hoe't it sneintemoarn koe dat der troch glêdens sa'n seis ûngelokken barre koene op de grutte autodiken. In wurdfierster seit dat der genôch sâlt struid is. Der wie net in soad ferkear op de dyk, wêrtroch it sâlt mooglik minder goed yn it zoab-asfalt kaam.

De struiweinen ha neffens plan de grutte diken bestruid. Sneintemoarn tusken 08.00 en 11.00 oere barden de ûngelokken. Mei-inoar 5 minsken binne licht ferwûne rekke by de ûngelokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)