Reedride op tal fan plakken

Hoewol't it iis noch net hiel sterk is waard der dit wykein dochs op tal fan plakken reedriden. Benammen by stikken ûnderstrûpt lân wie dat it gefal. Drok wie it bygelyks by de Ryptsjerkerpolder. It ferkear op de Ypeysingel stie betiden fêst.
Ek op fivers en wetterkes yn wenwiken waard riden, bygelyks yn Wolvegea der't bern har fermakken op de fiver yn de wenwyk Lindenoord. Ek op de Munnikspetten by It Hearrenfean waard riden.