Utlis oer Joint Strike Fighter

In Joint Strike Fighter
Steatssekretaris Jack de Vries fan Definsje komt op 19 jannewaris nei Ljouwert om útlis te jaan oer de Joint Strike Fighter. Hy docht dat op in byienkomst fan it CDA. It kabinet wol as ferfanging fan de F16, Joint Strike Fighter-strieljagers keapje.
De JSF makket fjouwer kear safolle leven as de F16. Bewenners om de basis hinne binne benaud foar mear lûdsoerlêst. Koartlyn ha de provinsje en guon gemeenten de steatssekretaris frege te kiezen foar in oar type.