Elma de Vries twad op 1500 m.

28 des 2008 - 13:35

Elma de Vries fan Meppel, earder fan De Haule, is snein op it Nederlânsk kampioenskip allround op Thialf twadde wurden op de 1500 meter. Sy kaam oer de streek yn in tiid fan 1.59.48.

Marrit Leenstra fan Wikel waard fjirde yn 2.00.11. Ireen Wüst wûn de 1500 meter yn 1.59.23 en stiet earste yn it algemien klassemint. Elma de Vries stiet op it tredde plak en Marrit Leenstra op it fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)