Wim Stroetinga yn Pro-Tour

Wim Stroetinga (foto: Martin de Jong)
Wim Stroetinga fan Aldeberkeap makket yn jannewaris syn debút by de beropshurdfytsers yn Austraalje. Fan 18 oant 25 jannewaris rydt hy foar syn nije ploech Milram de Tour Down Under. Dat is in Pro-Tour wedstriid.
Op dit stuit docht Stroetinga mei oan de Nederlânske baankampioenskippen yn Apeldoorn. Der waard hy snein Nederlânsk kampioen op de puntekoers. Begjin jannewaris docht hy ek noch mei oan de seisdaachse fan Rotterdam