Soad ûngelokken troch glêdens

Struien fan sâlt jout noch net genôch
Op ferskate plakken yn Fryslân binne sneintemoarn ûngelokken bard troch glêde diken. Foaral op de autodiken A31, A6, A7 en A32 gong it mis. Op de A6 wie dat tusken Sint Nyk en Eastersee. Troch in oanriding ûntstie dêr in flinke gaos. Op de A32 ried ûnder oaren in auto by in talúd del. Op de A31 gong in buske oer de kop tusken Frjentsjer en Mullum.
De plysje warskôget om ekstra foarsichtich te wêzen. Rykswettersteat is frege om ekstra sâlt te struien.