Huntelaar traint yn Ljouwert

Fuotballer Klaas-Jan Huntelaar wie sneon yn Ljouwert foar syn lêste training foardat er nei Spanje ôfreizget. Hy trainde op it fjild fan amateurklub Blau Wyt'34.
Huntelaar werstelt noch fan in blessuere, mar hy slút him moandei oan by de seleksje fan Real Madrid. Hy trainde sneon ûnder begelieding fan syn fysioterapeut Allard Pol fan Bûtenpost. De berjochten binne dat er net yn de Champions League meidwaan sil, mar sels is er wol fol fertrouwen.