Plysje hâldt drankkontrôle

27 des 2008 - 14:29

De plysje hat freedtejûn en -nacht mei-inoar fiif autobestjoerders oanholden dy't tefolle dronken hiene. Se binne op 'e bon slingere en mochten net fierder ride.

Twa fan de fiif hiene sels safolle dronken dat se it rydbewiis ynleverje moasten. Dat wie it gefal by in 55-jierrige Ljouwerter dy't by It Hearrenfean kontrolearre waard. En ek by in man fan 38 út Terherne dy't yn de nacht dronken op in brommer troch it doarp ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)