Asbest by brân Noardburgum
By in brân yn in houten hok oan de Westersingel yn Noardburgum is freedtemiddei mooglik asbest frijkaam. Dêrom hat de plysje de omstanners op ôfstân holden, wylst de brânwacht it fjoer bestried.
It terrein is noch ôfsletten, omdat noch net dúdlik is oft der yndie asbest yn de dakplaten oanwêzich wie. Nei de oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersyk dien.