Nij slypapparaat foar redens

Redens slypje is foar profesjonele riders deistich wurk. De slypmasine dy't se dêrfoar brûke is net sa handich om mei te nimmen en te brûken.
Oane Visser fan Rinsumageast slipet redens foar in soad profesjonele riders en betocht in nije slypmasine dêr't de redens ynfâldich mei slipe wurde kinne. It apparaat kin ynklapt wurde oant in kompakt pakje en dat koe mei it âlde apparaat net. Neffens Visser is der al in soad belangstelling foar syn útfining.