Buslinen op inoar oanslute

Linen moatte better op inoar oanslute fynt ROCOV
Reizgersorganisaasje ROCOV wol dat ferfiersbedriuw Qbuzz syn line 100 fan It Hearrenfean nei Drachten better oanslute lit op Arriva busline 100 fan Drachten nei Grins. No komt it noch wolris foar dat reizgers yn Drachten wachtsje moatte op de folgjende bus.
Nettsjinsteande dizze klacht is it ROCOV oer it generaal tefreden oer de yntroduksje fan de nije busferfierder yn Súdeast-Fryslân. Twa wike ferlyn hat Qbuzz it ferfier oernaam fan Arriva.