Auto yn fangrail Ofslútdyk

26 des 2008 - 14:24

In gesin út Den Haach is tongersdei op de Ofslútdyk mei de auto de fangrail ynriden. Dat barde neidat de bestjoerder, de 28-jierrige heit, skrokken wie, mooglik fan in bist dat oerstuts. Hy ferlear dêrtroch de macht oer it stjoer en ried de fangrail yn. De auto rekke dêrby folslein fernield.

De 24-jierrige mem en ien fan de bern waarden foar kontrôle nei it sikehûs yn Snits brocht, mar koene dat letter wer ferlitte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)