IIsskossen Tryater fuorthelle

26 des 2008 - 14:21

Tryater moat de iisskossen, dy't yn Snits foar de teatrale Alvestêdetocht yn it wetter lizze, dêrwei helje. De gemeente Snits hat dêrta opdracht jûn yn ferbân mei in mooglike "echte" Alvestêdetocht. Besikers fan de foarstelling rinne op de Westersingel oer keunststoffen iisskossen. Dat stik wetter is ek ûnderdiel fan de echte Alvestêderûte. Der is op dat plak sels in stimpelplak.

Foar de Tryater-foarstelling binne yntusken goed 8500 kaarten ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)