Krystteam op Radio Middelsé

26 des 2008 - 10:36

De einjiersmaraton fan de eterpiraten fan it Krystteam út Tsjom wurdt oant en mei 30 desimber útstjoerd fia Radio Middelsé. It Krystteam waard ôfrûne woansdei út de loft helle troch de radiokontrôletsjinst doe't se noch gjin dei oan 'e gong wiene mei har maraton. De opbringst dêrfan giet nei de Stichting Rusland Kinderhulp.

De maraton fia Radio Middelsé wurdt sa no en dan ûnderbrutsen foar de eigen programma's fan de lokale omrop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)