Stiens: winkeldieven oanhâlden

25 des 2008 - 15:08

De plysje hat woansdei yn Stiens twa froulju fan Sint Anne (35 en 16) en ien út Ljouwert (29) oanhâlden op fertinking fan stellerij út in winkel. De froulju hiene iten en kosmetikaprodukten stellen út in winkel oan de Ljipstrjitte.

Meiwurkers fan 'e winkel wiene de froulju folge. Op oanwizings fan harren koe de plysje de froulju letter oanhâlde op de Uniawei. De froulju binne oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)