Geurproef yn âldereintehuzen

In 'geurmasine' yn it Suyderhuys yn Surhústerfean
Yn fersoargingstehuzen Berchhiem yn Burgum en it Suyderhuys yn Surhústerfean rûke je gjin fize luchtjes mear. De fersoargingshuzen dogge as guon fan 'e earste soarchynstellings mei oan in proef mei geurmasines. Dizze masines blaze geregeld in lekker geurke lykas lavendel of fanylje de loft yn.
De geurmasines binne bedoeld foar de sfear en it lekker rûken, mar se nimme ek oare luchtjes op en helpe tsjin baktearjes yn de lucht.