Groate Kerk: 'beweechpoadium'

25 des 2008 - 14:19

De Groate Kerk yn Sint Jabik krijt in beweechber poadium. It poadium fan 9 by 10 meter moat sa boud wurde dat it folslein fuortsakje kin yn 'e flier.

Yn de tsjerke binne geregeld optredens en feesten, mar dan is der al gau in te min oan romte. Benammen by grutte feesten stiet it grutte fêste poadium noch wolris yn it paad. De bou fan in beweechber poadium moat dit probleem oplosse. De Stifting Alde Fryske Tsjerken helpt by de bou fan it beweechber poadium.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)