Krystjûn: himpkwekerij oprôle

25 des 2008 - 13:56

Woansdeitejûn om healwei njoggenen hinne is der oan de Droppingstrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij oprôle. Yn de flatwente yn de Frijheidswyk stiene yn twa keamers mei-inoar sa'n 600 planten.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch in lekkaazje. Dy lekkaazje wie net ûngefaarlik, want it wetter rûn troch de meterkast nei ûnderen. Essent hat dêrom de stroom mar ôfsletten. Tsjin alve oere wie de himpkwekerij folslein opromme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)