Tsjerke Teridzert oanpakt

De tsjerke fan Teridzert is beide krystdagen folslein ferljochte. De pleatslike kommisje fan de tsjerke wol dêrmei fiere dat takom jier begûn wurdt mei de restauraasje fan de tsjerke.
De eigner fan de tsjerke, de Stichting Alde Fryske Tsjerken, hat dêrfoar opdracht jûn. De pleatslike kommisje is al in oantal jierren dwaande om de sinten byinoar te krijen. De eigner die jierrenlang gjin ûnderhâld. De restauraasje kostet 600.000 euro.