Lêste dei fan Blomke fan Romke

24 des 2008 - 13:11

Mear as 50 jier wie Blomke fan Romke in begryp yn Ljouwert. Woansdei wie it de alderlêste dei dat Rommert Dykstra syn blomkes ferkocht. Ferline jier hie er eins al ophâlde moatten omdat de gemeente de blommekream net mear op de Nijstêd ha wol, mar doe mocht Dijkstra syn fergunning noch ien jier ferlinge.

Ek al wie hy al 65, hy woe der noch net mei ophâlde. No sit it jier derop en komt der echt in ein oan. It wie woansdei dan ek smoardrok by Blomke fan Romke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)