Molkwarder Koeke-saak ferkocht

Eigner Henk Baukema fan 'e bakkerij fan de ferneamde Molkwarder Koeke hat syn saak ferkocht. Nei fyftjin jier komt de bakkerij yn hannen fan Folkert Reitsema. Dy nimt ek de acht personielsleden oer.
De ôfrûne jierren hat de bakkerij flink ynvestearre yn it meitsjen fan nije koekeprodukten. De bekende Molkwarder Koeke wurdt yntusken yn goed 140 winkels ferkocht.