Te hurd troch Kollumersweach

24 des 2008 - 10:26

De plysje hat moandei op it Wyldpaed yn Kollumersweach en op de Kleasterwei yn Feankleaster snelheidskontrôles hâlden. Yn Kollumersweach rieden 427 fan de 600 hurder as de 30 kilometer yn 'e oare dy't je dêr ride meie. Topper wie in bestjoerder mei 76 kilometer op de teller.

Yn Feankleaster ried de helte fan de goed 200 bestjoerders hurder as de tastiene 60 kilometer. Dêr wie de heechst mjitten snelheid 105 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)