Dronryp siket blazers

24 des 2008 - 08:04

Foar it iepenloftspul yn Dronryp fan takom jier wurde blazers socht. Yn 2009 spilet Dronryp it stik "Us Jonges", oer in sjongeres en har artistike partner dy't in soad foar Amerikaanske soldaten optrede.

De muzyk moat komme fan in band dy't meastentiids swingende stikken spilet en dêr wurde no blazers foar socht. It giet om trompettisten, saksofoan- en trombonespilers. Op 10 jannewaris wurdt yn Dronryp in spesjale middei foar it iepenloftspul organisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)