Wetterskipbestjoer kin los

It nije deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân kin oan de slach. Formateur Henk_Kroes presintearre tiisdei syn ein-advys oer de gearstalling fan dat bestjoer.
It nije bestjoer bestiet út Roel_de_Jong fan Water Natuurlijk, Aaltje_Rispens fan Werk aan Water, Harry_Boon fan it CDA en Wietze_de_Haan fan de PvdA. Sy sille it wetterskip de kommende fjouwer jier bestjoere mei dykgraaf Paul_van_Erkelens. Roel_de_Jong wurdt loko-dykgraaf.