No ek röntgenfoto's op Skylge

© Omrop Fryslân
Minsken dy't in hân of foet brekke op Skylge hoege net altyd mear nei de fêste wâl foar foto's. Nei de húsdokter fan It Amelân, sille no ek de húsdokters fan Skylge röntgenfoto's meitsje. It giet om de praktyk yn Midslân. De foto's wurde nei it Antoniussikehûs yn Snits stjoerd en dêr beoardiele. De húsdokters kinne ienfâldige problemen sels behannelje.
De ferwachting is dat der op Skylge alle jierren 1000 oant 1500 röntgenfoto's makke wurde sille.