Reedrydles foar akteurs

23 des 2008 - 09:48

Trije akteurs dy´t meispylje yn de film fan Steven_de_Jong oer de Alvestêdetocht fan 1963 krije tiisdei reedrydles. Koach Henk_Gemser jout de trije op de iisbaan fan Biddinghuzen in koarte training. It giet om Cas_Jansen, Chris_Zeegers en Chava voor in ´t Holt.

De opnames fan ´e film begjinne yn jannewaris. Dy opnames binne yn Fryslân, mar ek yn Laplân en Litouwen. Doel is dat de film De hel van ´63 ein 2009 yn de bioskoop te sjen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)