Wer film yn Dokkum

It bestjoer efter it nije filmhûs
Ynwenners fan Dokkum kinne 13 jannewaris takom jier foar it earst wer nei de bioskoop. Dan iepent wethalder Willemsma it Filmhûs Dokkum. Dat is ûnderbrocht yn teater DOK_18. Twa jier lyn gong bioskoop De_Harmonie ticht.
Fiif filmleafhawwers hawwe dêrnei plannen betocht om in bioskoop werom te krijen yn de stêd. Dat is slagge mei stipe fan partikulieren en bedriuwen. It filmhûs wol twa kear yn de moanne in film fertoane.