'Ingelsten nei H'fean is wis'

22 des 2008 - 19:29

Sportklup Hearrenfean giet sa goed as wis yn see mei de Sweedske spits Patrik Ingelsten (26). Dat hat de foarsitter fan Kalmar FF sein, dat is de klup dêr't Ingelsten no noch foar spilet.

Neffens de foarsitter moatte der allinnich noch in pear details besprutsen wurde, fierder is de saak rûn. Ingelsten wie ferline seizoen topscorer fan Kalmar mei 19 goals. Earder hat Hearrenfean Viktor Elm al oernommen fan Kalmar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)