SC H´fean praat mei Ingelsten

Patrik Ingelsten
SC_Hearrenfean is yn ûnderhanneling mei de Sweedske spits Patrik_Ingelsten. Hearrenfean en de Sweedske klub Kalmar_FF binne it al iens oer de ferhuzing fan de klubtopskoarer (26) nei It_Hearrenfean. "De klubs binne it iens, we prate no mei Ingelsten sels", seit Hearrenfean-direkteur Kuiper.
Ingelsten is in spiler dy´t foaryn op alle posysjes goed út de fuotten kin. Hy levere it ôfrûne seizoen mei 19 goals in wichtige bijdrage oan it kampioenskip fan Kalmar.