Fryske Gea wol leden winne

22 des 2008 - 16:15

Natuerorganisaasje It_Fryske_Gea tinkt der oer om gau in ledewinaksje te hâlden, om sa it tal leden wer op peil te bringen. It ledetal is de lêste trije jier mei twatûzen ôfnommen.

Yn jublileumjier 2005 hie It Fryske Gea noch 25.000 leden. Dêr binne no noch 23.000 fan oer. Direkteur Ultsje_Hosper tinkt dat soks te krijen hat mei de kredytkrisis. Neffens him jouwe minsken dat ek oan at se har lidmaatskip opsizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)