Adema: 4 treinen nei Swolle

22 des 2008 - 14:17

Der moatte in tal oanpassings dien wurde oan it spoar, mar as alles meisit ride der yn 2013 fjouwer treinen yn 'e oere tusken Ljouwert en Grins. Ek tusken Ljouwert en Swolle wol de provinsje fjouwer treinen yn de oere, mar dat is minder ienfâldich.

It kostet hûnderten miljoenen euro's om ek nei Swolle fjouwer treinen de oere ride te litten. Trije treinen yn it oere is ienfâldiger. As provinsje en NS it iens wurde, kin dat al yn twa jier tiid realisearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)