Van der Schaar koe Klijnstra

22 des 2008 - 13:46

Wapenhanneler en oplichter Arjan_van_der_Schaar (50) út Frjentsjer koe de fermoarde Ida_Klijnstra. Van_der_Schaar is mooglik belutsen by de moard op Ida_Klijnstra fan De_Blesse.

Peter_R._de_Vries makke dat snein yn syn programma bekend. De moard soe in út ´e hân rûne rôfoerfal west ha. Fjouwer dagen nei de moard woe de plysje Van_der_Schaar oanhâlde, nei in tip oer wapenbesit. Van_der_Schaar koe Klijnstra troch syn eardere baan as hypoteekadviseur yn Wolvegea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)