HOVO-kursussen skrast

22 des 2008 - 11:33

It kursusoanbod fan it Heger Underwiis foar Alderen, it HOVO, wurdt frijwol folslein skrast. Dat ha de kursisten yn in brief te hearren krigen. It HOVO, ûnderbrocht by de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert, hat al langer finansjele problemen, mar noch net earder moasten kursussen skrast wurde. Sa't it no stiet wurde alle kursussen op trije nei skrast.

De HOVO wol no subsydzje oanfreegje by de provinsje. Sûnder subsydzje is it foar de HOVO in toer om te oerlibjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)