Strjitrôf by stasjon Ljouwert

22 des 2008 - 09:54
Foto: Omrop Fryslân

In 23-jierrige ynwenner fan Ljouwert is sneintemoarn betiid it slachtoffer wurden fan in strjitrôf. De frou waard efter it NS-stasjon yn Ljouwert oanhâlden troch twa manlju. Dy woene alles ha wat se by har hie. Se soene dêrby drige hawwe mei in mes.

De frou joech har beurs wernei't de manlju útnaaiden. Fan de dieders ûntbrekt elts spoar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)