Frou (88) rydt tsjin foargevel

In frou (88) út Balk is snein mei de auto tsjin de foargevel fan in hûs oan de Foarset bedarre. Se woe keare op in krusing, mar dêrby gie wat mis en skeat se mei piipjende bannen de krusing oer. Mei in flinke gong ried se tsjin de foargevel fan it hûs oan en rekke dêrby ferwûne. Se is nei it sikehûs fan Snits brocht.
Yn 'e hûs sieten in heit en mem mei trije bern. De mem krige in kast, dy't tsjin de foargevel stie, oer har hinne, mar rekke net ferwûne.