Waaksens kin wer klokliede

22 des 2008 - 09:35

Nei trije jier stilte kinne yn Waaksens de klokken wer let wurde. It ôfrûne jier is de tsjerketoer restaurearre foar 362.000 euro. Fan dit bedrach waard 47.000 byinoar brocht troch de Stifting Tsjerkerestauraasjes Lollum en Waaksens.

Restauraasje wie nedich omdat it grut part fan it hout yn 'e toer ferrotte wie. It krúswurk en de hoanne op de toer wiene ferrustke en it mitselwurk wie der ek min oan ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)