De Jouwer ferliest mei 4-0

© Omrop Fryslân
Yn sneinshaadklasse C rûn SC De Jouwer tsjin in 4-0 ferlies oan yn en tsjin it Gelderske Babberich. By rêst stiene de Jousters 1-0 efter. Mei de twadde helte rûn Babberich út. Sander Kuiperij skoarde yn dizze wedstriid twa kear tsjin keeper Hessel Altenburg.
Babberich wikselet nei dizze oerwinning no mei De Jouwer fan it tsiende plakje. De oare Fryske sneinshaadklasser Snits Wyt Swart stiet njoggende.