Pop foar bûtenlânske studinten

Popjûnen foar ynternasjonale studinten
Fan jannewaris ôf komme de trije ynternasjonale studinte-organisaasjes yn Ljouwert yn gearwurking mei poppoadium Romein mei in nij inisjatyf: 'International Student Night Live'. Dêrby wurdt livemuzyk opfierd foar bûtenlânske studinten dy't yn Ljouwert wenje of studearje.
It evenemint wurdt ien kear yn de trije moanne holden. It idee achter dit inisjatyf is om bûtenlânske studinten mear te belûken by it kulturele libben yn Ljouwert.