Froulju VC Snits winne
De frouljufoljeballers út Snits ha sneontejûn yn Apeldoorn mei 3-0 wûn fan Piet Zomers/Dynamo. Dat betsjut dat VC Snits 2008 ôfslút mei in twadde plak yn de B-league.
De setstannen wiene: 21-25, 20-25, 14-25. Yn it nije jier spilet VC Snits wer op 17 jannewaris thús tsjin Halley dat ûnderoan stiet.